Nog geen reacties

Gedicht “De Kompenije” yn de Breeduit

Gedicht yn de Breeduit fan tongersdei 23 maart 2017.

 

De Kompenije

De Geast fan Pieter Pel fleant yn rjochte streken oer de Kompenije
Hoe giet it mei syn âlde doarp, dat soe him sa benije
It Heechfean waard stipe troch dizze dokter mei wennings en buorkerijen
Om turfarbeiders tusken wiken fan earmoed te befrijen

De dokter soarge foar it folk yn’t lân dat hy besiet
No fleant syn geast oer’t beboude doarp, syn mantel fan reinen wiet
Hy sjocht dat it goed is! Men soarget noch goed foar inoar!
Hy sjocht ek dêr de winkel, handikapten doggei it wurk derfoar

In Trefpunt fan ferienings fan kuorkebal en fuotbal
Pel sjocht de bern dy’t fersideboartsje op de nije Frissel
De sinne jaget wetter fuort, en âld en jong sil fytse
de earmoed fan destiids is brocht ta wenjen en genietsjen

Yn it byld fan de tsjerke strykt er no wer del
Hy fleach der oer en it die him goed
De heide fan doe is in prachtig doarp hjoed
Sa sjoen fanôf syn monumint sit alts hjir goed yn’t fel

Plaats een reactie

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.