Nog geen reacties

Bedankje Bouke en Grietsje

Bêste Kompenijsters 

Saterdei 8 novimber 2015, is foar ús in dei wurden dy’t wy, beslist wier, nea wer ferjitte.
Fan trije oant fiif oere waarden jimme yn de gelegenheid steld om ús de hân te drukken.
Mar it wie folle mear as dat. Allinne dy hândruk, nee dat slagge net. Fan wjerskanten wienen der noch gewoan dingen dy’t je inoar efkes sizze woenen.
In stream fan minsken kaam it Gebouke yn. In stream dy’t sa as it like gjin ein oan kaam. Minsken dy’t al dy jierren klant by ús wienen. En ûnder dy minsken âlders mei harren bern. Bern mei moaie kaartsjes of in moaie tekening.
Al dy mominten, hiel emosjoneel en it joech ús fan binnen wol sa’n waarm gefoel.

En doe, it wie al nei fiif oere, naam de foarsitter fan PB noch efkes it wurd. Hy oerhandige ús de doaze mei kaarten, kaarten allegearre mei ynhâld. “Wat jimme der ek foar keapje wolle, of it no in tún- set, in fondu -set of in linzjery -set is, it jout allegearre neat, allinne wolle we wol graach der in foto fan werom sjen yn de Barte”.
In hiele drokke middei, mar wol sa fantastysk moai. We krigen echt it gefoel dat de minsken ús fan herte in goede takomst tawinskje woene.

En no sitte we moarns tegearre te iten. En jûns tegearre in slach om de buorren.
Jimme kinne begripe, dat dit foar ússels hast net te begripen is.
En nei in pear wike, dêr wienen Mindert en Hanneke Kats mei in prachtige film op DVD.
Bylden fan foargeande jierren fan St. Maarten, Sinteklaas en gean sa mar troch. Mar ek fan it ôfskie. En as de bern dan sjonge ‘Bouke bedankt, Bouke bedankt……..’ doe moasten we wol efkes in trien fuortfeie.

Dus leave minsken, bedankt en nochris bedankt!!

Bouke en Grietsje Haverkamp

(P.s.: Meer foto’s in het fotoalbum!)