Nog geen reacties

Afscheid Bouke en Grietsje Haverkamp

 Bouke en Grietsje Haverkamp stienen garant foar ‘service en gemak’.. 

 ‘Dy lêste wiken, it jout ús wol wat in dûbeld gefoel. Oan de iene kant útsjen nei wat mear tiid foar ússels, foar ús bern en de lytse pake- en beppesizzer. Mar dy oare kant, alles loslitte wat je yn al dy jierren opboud ha en dêryn altyd je wurk dien ha ‘mei hert en siel’ dat is net maklik’.  

Hiel folle doarpsgenoaten witte it noch wol. Mar ek hiel folle minsken binne hjir letter kommen te wenjen. Dêrom efkes in pear feiten út it  ferline.

Bouke, is berne en opgroeid as bakkerssoan yn St.Nyk. It like der earst op dat hy yn’e bakkerij stappe soe. Alle diploma’s dy’t dêrfoar noadich wienen hie Bouke yn de bûse. Mar dat is it dus net wurden. Hy keas foar de ridende SRV-winkel. Sechstjin jier lang hat hy rûnriden yn in oantal wenwiken fan it Hearrefean. ‘In fantastysk moaie tiid dêr’t ik hiele moaie oantinkens oan ha. Mar ek in swiere tiid’. Grietsje giet dêr hielendal yn mei. Hja hie oerdei har wurk by de bank en dan jûns let noch tegearre de auto wer ynlade mei alderhande boadskippen. En hja hienen ûnderwilens ek in húshâldinkje, twa moaie lytse berntsjes. Dit wurk wie eins net te kombinearjen mei harren priveelibben. Hja seagen om nei wat oars.
Yn 1997 kaam Drachtster Kompenije yn byld. Hja waarden eigener fan de Pro-markt yn Kompenije.

Achttjin jier letter

Service en gemak. Wêr fine je dat noch. No, dat wie al dy achttjin jier te finen by Bouke en Grietsje. Beide setten hja har folslein yn om de winkel goed  draaiende te hâlden en ek mei te gean yn alle ûntwikkelingen yn de maatskippij. Drok, der altyd wêze en ek altyd oansprekber wêze, want dat is foar klanten dy’t yn de doarpswinkel komme in fanselssprekkende saak. Boadskipje is in sosjaal barren. It moetsjen fan doarpsgenoaten, nijtsjes útwikselje en gean sa mar troch. Gemoedlik en fertroulik, dat is sa bysûnder yn in doarpsmienskip. Dat skept in bân.

Elkoars rjochterhân wêze

Dat kinne je sizze fan Bouke en Grietsje. Tegearre in winkel geande hâlde fan dizze omfang yn dizze tiid moat je net lytsachtsje. Hja hawwe elkoar altyd yn alle dingen bystien en altyd mar wer elkoar oanfolje.
En al hiel folle jierren hawwe se stipe ûnderfûn fan Rika Donker. Sûnder mis kin sein wurde dat Rika foar harren ek in rjochterhân is. ‘We kinne eins wol sizze dat we nea om’e nocht in berop op har dien hawwe. Wier-wier, dat wie en is fantastysk.
Wat ha we geniete fan dit allegearre, elke dei opnij’.

Sûnens

Sûnens is alles! En as de sûnens it dan wat sitte lit, dan kom je dochs wol wat oars yn it libben en yn je wurk te stean.
De strange wetjouwing fan’t tsjintwurdich, dy liicht der ek net om. Tink hjirby ûnder oare oan de keuringstsjinst en legitimaasjeplicht fan de jongerein.
‘Ja, wy hoege der net om hinne te heljen, soks jout wol stress en ûntnimt je de wurknocht.
Mar wy kinne nei al dy achttjin jier fol oertsjûging sizze dat it foar in mienskip lyk as hjir yn De Kompenije hiel weardefol is dat der in doarpswinkel is. En dat we der ek alles oan dwaan wolle en sille foar it behâlden fan dizze winkel’.

Ferhúzje  

Bouke en Grietsje hawwe de realiteit ûnder eagen sjoen en mei de hjoeddeistige gegevens hawwe Bouke en Grietsje maart fan dit jier foar harsels it beslút nommen om op termyn ôfstân fan de winkel te nimmen.
En wat is der it ôfrûne healjier in protte tinkwurk west. Bouke en Grietsje hawwe op eigen inisjatyf  kontakten lein mei minsken en / of ynstânsjes dy’t mooglik foar oername yn oanmerking komme koenen.
It is gjin geheim mear, elk sil it witte en oars elk moat it witte. Want it is wol hiel bysûnder.
De Helianthus Zathe mei Cor en Kirsten van Kammen as ûndernimmer hawwe mei stipe fan Crowd Funding it pân mei alles wat der by heart no op harren namme stean.
Bouke en Grietsje: ‘de ûnderhannelingen hawwe yn in och sa’n goede sfear harren beslach krigen. Wy binne hiel posityf en hawwe alle fertrouwen yn it fuortbestean fan ‘ús winkel’.

En dan is it heal oktober fan itselde jier. Bouke en Grietsje gean ferhúzjen. Yn Nijbeets stiet in prachtich moai hûs op harren te wachtsjen.

 

Wieke de Boer