Nog geen reacties

5 mei 2021 Herdenking – Ruurd Verbeek

Weromsjen

Op saterdeimiddei 14 april 1945 wie it samar ynienen feest yn Drachten. It wie prachtich sinnich waar doe’t dêr de earste Kanadese tanks, jeeps en trucks it doarp ynriden. Underdûkers, guon fan harren hienen yn gjin jierren in stap bûten de doar set, kamen no op ‘e lappen. Guon minsken woenen flagje, mar dat waard fuort ferbean omdat it fierstente gefaarlik wie. De Dútsers wienen noch net fuort. Dy middeis waarden der op dizze earste dei fan befrijing yn Oerterp fjouwer mannen op strjitte deasketten. En al waarden oeral de fertsjusteringsgerdinen wer yn ‘e kast opburgen, it wie fansels noch wol in ûnwisse sitewaasje. In protte jeugd út De Kompenije is dy middeis op klompen nei Vreewyk rûn. De Kanadezen dy’t dêr mei harren grut materiaal stienen, dielden sûkeladerepen út; om nea te ferjitten! De sneins dêrop wienen de minsken net mear te hâlden en waard der oeral flagge. En op moandeitemoarn 16 april waarden der yn de tsjerken al tanktsjinsten hâlden. De befrijers bleaunen noch in setsje yn Drachten. It ûnbidich grut opset befrijiingsfeest yn Drachten wie op woansdei 9 maaie en dêr is in prachtige film oer makke.

Ek yn De Kompenije waard de befrijing fierd. Sa krekt nei de oarloch wie de ienriedigens hjir grut. De beide skoallen, de beide tsjerken en de Oranjeferiening ha op hiel koarte termyn  soarge foar in feest mei fersierde weinen en al. Boeren en arbeiders, ûnderdûkers, joads en net-joads, Limburgse evakuees, kloften Kompenijster en Limburgse bern meiinoar op strjitte. Dy jûns sieten de minsken yn in grôtfolle griff. tsjerke te harkjen nei de herfoarme dûmny  Pieter Miedema, de grifformearde dûmny Jan van Dijk, Berend Overdijk fan Luchtenveld en evangelist G. van Kooten fan Puntpeal. Dat hat sa’n yndruk makke dat de tsjerklike ferskillen foar even hielendal weifoelen.

En dochs kaam hieltyd mear it besef dat safolle minsken neat gjin reden hienen om feest te fieren. Dy’t treurden omdat harren dierberen slachtoffer fan de Dútske terreur wurden wienen. ‘Wij mogen hen en de strijders die aan het ondergrondse front vielen, nimmer vergeten!’ skreau de Drachtster Krante. Kompenijsters wêrfan ’t men net wist wêr’t dy sieten en of se wol feilich wer thúskomme soenen. By de fam. Vlietstra siet men yn noed oer soan Gerrit. Dat hy op 6 april deasketten wie, krigen se pas yn oktober 1946 te hearren!

De beide dûmnys, mar benammen dûmny Miedema, wienen aktyf west yn it ferset en de beide haadmasters Kees Buringa en Simon Renzema wurken hiel goed gear yn it ûnderbringen fan ûnderdûkers en evakuees. Mei Marten van der Zee en Harm Brander  rjochten se hjir ein maaie 1945 in komitee foar Nederlânsk Folksherstel op. In kollekte yn De Kompenije brocht in protte jild op en noch in hokfol meubilêr en oare saken dêr ’t ferlet fan wie. Kompenijsters dy’t op de ien of oare wize skea oprûn hienen troch de oarloch of oars yn swierrichheden rekke wienen, koenen in berop dwaan op dit fûns.

Yn 1946 lei de sitewaasje yn De Kompenije der al wer wat oars hinne. Der wienen spanningen yn it doarp en yn de beide tsjerken. Doarpsgenoaten dy’t al dan net terjochte fertocht waarden fan in lakse hâlding of sels feroardiele wienen foar foute hannelingen yn oarlochstiid waarden mei skeane eagen oansjoen. Der wienen minsken yn it doarp dy’t yn de oarloch, sûnder dêr ruchtberens oan te jaan, har hiele bestean en sels har libben op it spul set hienen om piloaten en ûnderdûkers in feilich hinnekommen te jaan. Hie men dêr op dat stuit wol genôch each foar yn it doarp?

Nettsjinsteande dizze argewaasjes waard der yn april 1946 yn De Kompenije in komitee foarme út âlders en bestjoerders fan beide skoallen en de Oranjeferiening om op 3 en 4 maaie in befrijiingsfeest te fieren. It komitee hie by alle âlders del west om sûker, sûkelade en kakau, want dat wie hast net te krijen. It feest begûn op freedtejûn om acht oere mei sjongen en muzyk yn de griff. tsjerke foar de iene helte fan it doarp. De oare helte koe it programma bywenje op saterdeitejûn yn de herf. tsjerke. Sa’n programma wie net sa geskikt foar bern ûnder de 15 jier.

Wat wie it moai waar op dy saterdeitemoarn 4 maaie. Earst hongen alle flaggen healstôk oant de ien minút stilte om 11.00 oere foarby wie. Elk tocht dan oan de oarlochsdeaden, ek oan de ferûngelokke fleanders fan de RAF dy’t hjir op it hôf begroeven wurden wiene.  Doe’t it feest begûn stienen de skoallebern yn ‘e rige foar in traktaasje. Der waard songen by de linebeam by de Feart. It wie drok by de optocht en de spultsjes foar grut en lyts. By sa’n feest fielde men dochs wer de mienskip. Der mocht ek wol drank tape wurde, want de gemeente wie derfan oertsjûge dat dizze feestlikheden krekt as yn 1945 sûnder problemen ferrinne soenen. Hiel spitich dat de beide jûnen yn de tsjerken min besocht waarden en fral dûmny Miedema koe dêr mar min oer. Yn kafee Aans wie ek muzyk, mar dan oars. Binnen koe men dûnsje en bûten sweve yn de carrousel, de draaimûne fan Herder. Dat koe sels noch op snein en dat wie nuver, want eins nearne oars wiene der op dy snein feestlikheden.

In protte Kompenijsters gongen leaver nei it feest yn Drachten. Dêr wie ûnder oaren fan 30 april oant en mei 4 maaie in tentoanstelling oer de Fryske yllegaliteit. By it gemeentehûs stie mar in lyts keppeltsje minsken te harkjen nei boargemaster Hopperus Buma, dy’t spruts oer de emoasjes fan it momint fan de befrijiing in jier lyn. Mar jûns kaam de massa del, want sa’n grut fjoerwurk as dêr dy saterdeitejûn te sjen wie, hienen de lju noch nea earder sjoen.

Kompenijsters waarden noch altyd oproppen om bonkaarten oan te freegjen, want alles dêr’t ferlet fan wie, wie doe noch op de bon. Fral klompen, mar ek skuon, brânje, sjippe, fytsbannen en neam mar op. Yn 1945 wie der fan ûnderwiis op de beide skoallen al net safolle kommen, mar ek yn 1946 kaam it ûnderwiis net goed op gong. Alders hâlden de bern samar thús en de skoallen hienen hast gjin learmiddels. De bern moasten yn de stringe wintermoannen takkebosken meinimme om de kachels op skoalle waarm te krijen. Yn it hiele lân waard klage oer de baldadigens fan de jeugd, dy like wol losslein te wêzen; ek yn De Kompenije. Nei safolle jierren fan spanning en ûnfrijens faaks ek wol wat te begripen. Yn Fryslân riisden nei de oarloch de kuorbalferienings as poddestuollen op út de grûn. En op 8 maaie 1946 krige ek Fuotbalferiening TFS yn De Kompenije der sa’n ôfdieling by. De namme waard no Sportferiening TFS en de kuorballers krigen in oefenterrein achter kafee Aans.

Op 22 oktober 1946 waard Gerrit Vlietstra mei militêre ear fan it korps Binnenlânske Striidkrêften opnij begroeven hjir op it hôf. It hiele doarp, lyts en grut, wie útrûn. Nei in byienkomst yn kafee Van der Lei, dêr’t dûmny Miedema in lykrede spriek nei oanlieding fan Psalm 113, klonken der salútskoaten. No, dy makken yndruk op de skoallebern! Fral doe’t se seagen dat de soldaten de tillefoantriedden per ûngelok kapotsketten hienen. De mei blommen en krânsen bedutsen kiste waard troch leden fan de sabotaasjegroepen út Snits ûnder dof tromgeroffel nei it grêf sjoud. By it grêf sprieken De Jong fan Snits, majoor Camping, de heechste baas fan de N.B.S. yn Fryslân, in fertsjinwurdiger fan de pliesie út Den Haach, dêr’t Gerrit yn de yllegaliteit sitten hie, immen fan de Feriening Fryslân 1940-1945, master Bienze Woudstra út namme fan it Kompenijster ferset en út namme fan famylje en freonen de evangelisten Schoppert en Van Kooten.

Yn maaie 1950 wie der wer in byienkomst yn de griff. tsjerke, dêr’t de Kompenijster dûmny’s en evangelisten sprutsen, de beide Kompenijster koaren songen en haadmaster Huizing fan de iepenbiere skoalle yn syn taspraak oantrúne op ienriedigens yn in doarp lykas yn it fersetswurk it gefal wie. Fiering en betinking hat troch de jierren hinne wol plakfûn, mar net elk jier. Yn 1982 foar it earst en justerjûn al wer foar de fjirtichste kear op rige deadebetinking. Spitichernôch opnij sûnder dy lange rige Kompenijsters, jong en âld. Fannemoarn misse we se ek. Want fiere en betinke hearre by de aspecten wêryn’t wy meiinoar ús doarpsmienskip belibje. We witte allang en ûnderfine it ek hjoeddedei wer hoe kwetsber frijheid is. Us eigen ferantwurdlikens dêryn set ús al 76 jier oan ta tinken en betinken. Sjoch foarút, mar ferjit it ferline net!

5 maaie 2021                                                                                                           Ruurd Verbeek

Plaats een reactie

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.