Nog geen reacties

Plaatselijk Belang bedankt Annie van der Mei

5 desimber 2020

PB bedankt Anny vd Mei foar har ynset tidens de Sinteklaasfeesten fan de ôfrûne 25 jier!

Anny, hjoed is it Sinteklaasjûn en wy ha foar dy ek in lyts pakje kocht, want do nimst ôfskie, it hat moai west!
25 jier hast do Sinteklaas en syn swarte pyten net allinnich oanklaaid mar it bernefeest yn ús doarp en op skoalle kwaliteit joun.
En derom wol PB dy út namme fan alle Kompenijsters tige tank sizze, want do hast elts jier een geweldiche prestaasje lefere.
-do hast alle klean sels ûntwurpen en naait
-do hast wiken fan te foaren alles neisjoen, hersteld, yn de droeger, opfrist en kragen yn de stisel set
-do hast in dei fan te foaren 6 liter sop makke mei 40 broadsjes en echte pipernúten
-op de dei fan de yntocht bist do al betiid út de fearren want de earste Pyt komt al om 7 oere en dat giet sa troch  oant elts der prachtig  útsjocht
-mei syn allen noch gau yn de keuken oan de hearlike sop mei broadsjes, Altiid gesellich!
-do seachst net op in swarte pyt mear as minder, somtiden 8. somtiden 14, mar allegearre like moai oanklaaid
-underwilens komt ek de kofje en tee op tafel en krijst do komplimentsjes  foar de sop
-as eltsenien de doar út is foar de yntocht, rommest do alles op en dan fluch nei it kafee om alles noch ris nei te sjen, want it moat  goed, dus ynspeksje!
-nei it bernefeest komme alle klean wer smoarch en stjonkend werom en oant in oer as 10  bist do yn’t spier
-de kommende wike moat alles wosken en droech nei souder  oant wer in oar jier
-en ek dat oare jier giest do der wer foar
-do hast genoaten fan dit bernefeest, mar wat hiest in hekel oan  die swarte pyten-diskusje
-do wiest ek altiid hiel belangstellend hoe de yntocht en it feest yn it kafee ferrûn wie
-op bylden fan Mindert koest sjen dat it gehiel fan Sint en pyten in plaatsje wie en dat wie dýn fertjinste.
-it moast er perfekt útsjen en dat al 25 jier!

Anny, nochris, út namme fan alle Kompenijsters, mar foaral de bern:

Tige tank!

(P.s.. Meer foto’s zijn te vinden in het foto-album)

 

 

Plaats een reactie

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.